Blog of Dooitze de Jong

Oer my

Myn namme is Dooitze de Jong. Ik bin achtentweintich jier âld en kom út Fryslân. Foar it earste part fan my libben bin ik yn Fryslân grutbrocht oant wy yn 2011 nei Súd-Afrika ferhûzen. Yn 2016 kaam ik werom nei Europa om teology yn België te studearjen, en om yn 2022 oan it wurk te gean by Socires, in ûnôfhinklike tinktank yn Den Haach as programmameiwurker. Op it stuit meitsje ik de masterskripsje klear en sprek ik yn tsjerken. Ik bin pasjonearre oer kultuur, polityk, it rjocht, en ekonomy. Ik haw ûnderfining mei mediaproduksje, en mei kompjûtertechnology foaral systeembehear en rjochtmeitsje.

Oplieding

Yn 2019 slagge ik foar myn BA yn teology en godstjinstwittenskippen oan ‘e Evangelische Theologische Faculteit Leuven. Op it momint studearje ik fierder oan myn mastersoplieding mei spesjalisaasje yn teology en ekonomy, en yn Bibeloersetting. Dêrom gong ik yn 2021 nei Nederlân wêrom om in pear kursussen oersetting te studearjen oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam, en in kursus yn ‘e Fryske taal oan de UvA by Pieter Duijff.

Wurk

Sa’t ik al sei, ik wurkje by Socires as programmameiwurker foar de beliedsprogramma’s Rijnlands Denken en Doen en Finance and the Common Good. Dêrneist bin ik ek belútsen by de oare twa programma’s by organisearjen fan gearkomsten en kommunikaasje nei búten ta. Socires bringt maatskiplike belanghawwers by inoar—oerheden, bedriuwen, kooperaasjes, finansjele tsjinstferlieners, fakbûn, en oaren—om wichtige en yngewikkelde problemen mei inoar op te lossen.

Ik preekje gouris yn tsjerken yn it Ingelsk, Frysk en Nederlânsk, en sil fan it jier mear preekje. At je mear witte wolle oer in Fryske Tsjinst yn jo tsjerke, hifkje dan sekers by my fia dooitze@dooitzedejong.com. Ofrinne tsjinsten steanne op YouTube: youtube.com/@dooitzeyidejong.

Op it stuit wurkje ik ek mei oan in nije Bibeloersetting nei it Frysk, myn memmetaal. Sa no en dan produsearje ik ek mei lûds- en fideo-opnames fan lêzings, konferinsjes en podcasts.

© 2024 Blog of Dooitze de Jong

Theme by Anders Norén