Der is soen’t 1943 oersetting fan de Bibel yn it Frysk, mar nei myn witen gjin oersetting fan de Apostoalyske Faars. Dit binne skriften oarspronklik yn it Gryksk fan de generaasje nei de apostels (bygelyks Paulus en Petrus). Om’t sy sa tichteby de apostels stiene binne de skriften sa neamd. As tarieding foar fjirder oersetwurk bin ik begûn mei de Brief fan Ignasius oan de Efesiërs. Op dit stuit haw ik allinnich noch mar in pear haadstikken oerset, en ik mat it nochris goed neisjen foardat ik in priuwke publisearje.